Julia Kahrs – It geheim fan Gurja. Oerset út it Noarsk troch Rymke Zijlstra.

Hearlike Fryske oersetting fan Noarsk jeugdboek

Wat in hearlik Frysk jongereinboek is It geheim fan Gurja. It boek is skreaun troch de Noarske skriuwster Julia Kahrs en hjit yn it Noarsk Familien Brattbakk. It is in spannend, mysterieus en orizjineel ferhaal en nettsjinsteande in folslein ûnfoarsisber ein dochs ek leauweardich. It lêst yn de Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra as in trein. Mar sa haw ik it boek earst net lêze kinnen en dat wie hast frustrearjend.

Troch omstannichheden krige útjouwerij DeRyp, dêr’t ik doe noch by belutsen wie, de oersetting yn parten tastjoerd. En oft de oersetster it derom die, wit ik net, mar elk oersetten stik einige sa spannend dat ik it leafst trochlêze woe. En dat koe doe net, want de oersetting wie noch net klear! En dat oant fjouwer kear ta!

Mar it boek leit der no, mei in ôfbylding fan Sietske Harkema op de omslach dêr’t ferskate eleminten út it boek yn werom te finen binne. It ferhaal spilet him ôf yn it Noarske plakje Gurja. Sa op it each in lyts doarpke lykas Koudum, dêr’t net folle bart. Mar tink derom: “Sels yn in plak as Gurja koene der bjusterbaarlike en ferskriklike dingen barre.” Der is nammentlik in geheim dêr ’t amper oer praat wurdt en dêr ’t de lêzer yn it begjin ek net folle fan begrypt. Ja, der binne yn it ferline bern út it doarp ferdwûn en dat barde doe’t der in stoarm raasde oer it doarp.

En no is der ek wer in stoarm op kommendeweis, krekt op it stuit dat haadpersoan Sam, har mem en har twa âldere bruorren yn in fertutearze hûs oan ‘e râne fan it doarp delstrutsen binne. Sam is in famke fan hast alve jier en de húshâlding is ferhuze om ’t Sam troch klasgenoaten pest waard en sels ien kear yn ’e rivier smiten is. Dat waard Sam har mem te mâl.

Mar is Gurja wol in feilich plak? De lêzer twivelet dêr al gau oan en de mystearjes lykje allinne mar grutter te wurden. In nuvere rol dêryn spilet de mem fan de húshâlding. Doocht it wol mei har, freget de lêzer him ôf, dy ’t it ferhaal lêst troch de eagen fan Sam, de ik-figuer yn it boek. Mem hat bygelyks frjemde ytgewoanten. Se yt graach slakken, dy’t se gewoan út de tún hellet of fan har kuiertochten meinimt en de húshâlding yt dan ek twa kear yn de wike slakken. Boppedat, sa nimt Sam waar, mem wit altyd krekt wêr ’t de bern binne.

En wat is der yn it ferline bard mei it auto-ûngelok wêrby’t har broer Flemming in earm ferlear, heit stoarn is en wêrtroch’t se sels in bytsje mank rint? Of wat is it ferbân tusken de biblioteek yn it nije hûs, fol mei boeken oer kannibalisme, en it feit dat mem Sam te meager fynt en har fetmeste wol? De spanning yn it ferhaal rint hieltyd fierder op, al wurdt dy spanning ek wol draachlik makke troch de humoristyske en absurde foarfallen dy’t Sam meimakket.

It fernuvert jin net dat dit boek yn Noarwegen ferskillende literêre prizen wûn hat. It fantasyrike boek hat grizelige eleminten, mar giet eins oer in famke dat faaks net hielendal sljochtwei is, mar dat der ek gewoan by hearre wol, in freondinne ha wol. Op har earste skoaldei yn Gurja wurdt se fuortendaliks útlake fanwege in nuvere broek dy’t se fan har mem foar har jierdei krigen hat: “In aaklik gefoel dat ik der noait echt byhearre soe, krûpte ûnder myn hûd en sette him dêr fêst.”

Mar mei troch har freonskip mei klasgenoat Karla lit Sam har net de tsiis fan it brea ite en mei help fan Karla giet se op syk nei de wierheid efter de geheimen. Mei fallen en opstean makket se in ûntjouwing troch en sa ûntdekt se, om sa te sizzen, hoe’t se past yn in faak betiizjende wrâld. En it boek mei dan oan ‘e ein in ferrassende draai krije, úteinlik is de slotkonklúzje fan Sam – ” fielde ik my sterk genôch om alles oan te kinnen ” – fansels wol in passend en treastryk slot fan dit jeugdboek.

It boek is ornearre foar bern sa tusken de njoggen en tolve jier. Mar It geheim fan Gurja is sa ’n bûtengewoan goed boek, dat ek de wat âldere jeugd derfan genietsje kin. En hoewol’t ik hielendal net ta de doelgroep hear, haw ik it boek ek mei in bysûnder soad wille – en spanning – lêzen.

Julia Kahrs, berne yn 1985, debutearre yn 2009 mei it berneboek Sølvrevene en publisearre oant no ta njoggen berneboeken. Har boeken binne hieltyd oars as oars en gean boartlik en fantasyryk yn op frjemde en sels absurde kanten fan it libben. Dat bart dus ek yn it yn 2022 yn Noarwegen publisearre Familien Brattbakk. It boek is yn 2023 al oerset yn it Deensk (Familien Bratbakke) en yn 2024 yn it Dútsk (Sturm überm Winkelhaus).

It boek hat noch gjin Nederlânske oersetting, mar no dus wol in moaie Fryske ferzje, ûnder de titel It geheim fan Gurja. Ik tink dat oersetster Rymke Zijlstra ek wol in Nederlânske ferzje meitsje kinne soe en dat liket my hielendal gjin gek idee.