Gabriëlle Terpstra – Geller (2025)
Op 10 novimber 2025 wurdt yn Ljouwert Geller, de debútroman fan Gabriëlle Terpstra presintearre. Har earste boekpublikaasje, Tsjintwurdich is alles better, mei gedichten en spoken wordteksten ferskynde yn 2024 en is troch lêzers en resinsinten goed ûnthelle.

Gabriëlle Terpstra liket him as nijkommer yn de Fryske literêre wrâld as in fisk yn it wetter te bewegen. Nei har debútbondel wurke se fuort al oan in nije dichtbondel. Dat wurk lei se wat fansiden, om’t se tagelyk dwaande wie mei ferhalen en in novelle, dy’t úteinlik op in roman útrûn is. Dêrneist is se boekferkeaper, skriuwt foar it kulturele tydskrift de Moanne, sit yn de redaksje fan it literêre tydskrift Ensafh, is mei-oprjochter fan it dichterskollektyf Pauper Poëzie en se makket mei Arjan Hut podcasts oer it kulturele libben yn Fryslân.
En no ferskynt dus har earste roman. Geller is in semi-autobiografysk ferhaal, sa makket in wurdsje foarôf dúdlik, al hat de skriuwster de wrâld dy’t se yn it boek sjen lit ek fiksjonalisearre, troch saken fuort te litten, ta te foegjen of te oerdriuwen. Yn ynterviews hat Gabriëlle Terpstra wol ferteld oer har drege jeugd. Mei troch it miljeu dêr’t se yn opgroeide, rekke se sels ferslave oan drank en drugs. Har eigen ûnderfiningen mei de ferslavingsproblematyk komme werom yn har wurk, ek yn Geller.
De haadpersoan Geller dy’t it ferhaal yn de ik-foarm fertelt, hat net in hege rekken fan harsels. Se brûkt drank, drugs en seks om dat byld fan harsels kwyt te reitsjen, mar dat helpt fansels net. Op in stuit giet Geller op besite by in freondinne yn Koudum. Dy freondinne hat, sa mient de ik-persoan in bytsje synysk, har ideale freon fûn. Yn de wurden fan de skriuwster, dy’t fuortendaliks wat sjen litte fan de skriuwstyl yn dizze roman: “Se hie einliks de ideale freon fûn: in oan crack ferslaafde fytsedief dy’t soms dagenlang fuortbleau. Har eigen Sid Vicious.” De skynber achteleas optekene sinnen binne in fraai bewiis fan de nochteren, direkte en soms lakonike fertelwize fan dit boek.
Yn de pear dagen dat Geller yn Koudum útfanhûzet, brûke Geller en har freondinne Sjonnie alle sliep – en ûntspanningsmedikaasje dy’t se mar fine kinne. Se nimme mei opsetsin in oerdoasis fan de pillen om mar sa lang mooglik te sliepen. Dat lit de wrâld sjen wêryn’t Geller op dat stuit libbet, in wrâld fan drank en drugs.
In oare kear dat Geller yn Koudum komt, is se der net goed oan ta. Se hat de hier fan har appartemint opsein, wylst se noch in hierefterstân hat. Nei ’t Geller in wike yn Koudum west hat, bringt ‘Sid Vicious’ har wer nei Ljouwert: “It wie foar it earst dat ik wer libbensnocht fielde, of wie it deadseangst? Wat wie no eins it ferskil tusken dy twa?” Dat Geller net it ferskil fiele kin tusken libbensfreugde en deadseangst is foar de lêzer op dat stuit net sa gek. It net omgean kinne mei gefoelens heart by de famylje dêr’t Geller yn opgroeid is en is dan ek in wichtich tema fan de roman.
Hast de hiele famylje fan Geller hat muoite mei it talitten of begripen fan gefoelens en benammen waarme gefoelens. De earste sinnen fan de roman, yn de tekenjende nochteren, observearjende styl fan Terpstra, binne dêr al in foarboade fan:
Oan it begjin fan in iiskâlde wintermoarn seach ik it libbensljocht. Doe’t ik yn it sikehûs fan Dokkum fluch en sûnder drokte berne waard, wie it bûten fiif graden ûnder nul. It kâlde Noarden hie der in lytsen by.
Al gau wurdt it de lêzer dúdlik dat Geller opgroeit yn in diskfunksjoneel húshâlden mei ferslaafde âlden. Mem kin it net oan, heit lit him net faak thús sjen en is hielendal ferdwûn nei de berte fan broerke Eliot. De lêzer kin wol meifiele mei de haadpersoan en it ropt begrutsjen op as bygelyks de lytse Geller op Heitedei of har jierdei hopet dat heit op sa’n bysûndere dei dochs komt.
Skrinend is ek de beskriuwing nei it ferstjerren fan de mem fan Geller. Omdat mem it definitive fuortgean fan heit net oankin, binne de lytse Geller en Eliot ûnderbrocht by in âldere sus fan mem yn Boalsert. By dizze allinnichsteande tante Aaltsje groeie de bern fierder op. Aaltsje is in frou dy’t net folle gefoelens talit. Geller typearret har earne yn de roman mei it sintsje: “As men mar gewoan die, dan bleau alle ellinde fansels op ôfstân.” Dochs docht Aaltsje op har wize wol har bêst om de bern fan har suster goed op te fieden. Op side 12 is it Sinteklaastiid, foar de lytse, ûnwisse Geller dochs al in senuweftige tiid:
De sneontejûn foar 5 desimber wie by ús de fêste jûn fan it skoechsetten en ik wie dan altyd ferskriklik senuweftich.
‘Geller, kinst efkes nei ûnderen komme?’ Aaltsje stie ûnderoan ’e trep.
Ik lei al op bêd. It wie no ek de sneontejûn foar de fyfde, miskien soe ik wol in kadootsje krije, of miskien hie Sinteklaas him fersind.
Wylst ik noch boppe oan ’e trep stie sei se: ‘Dyn mem is fannacht stoarn’.
‘Oh,’ wie alles dat ik sizze koe. Dêrnei wie it hielendal stil.
Aaltsje sei ek neat. Ik wie allinnich mar benaud dat ik myn skoech no by de kachel weihelje moast. ‘Komt Sinteklaas dan noch wol del?’
Aaltsje moast gûle en laitsje tagelyk en sei dat de Sint my fansels net ferjitte soe.
It is net it iennichste yn it moed taastende momint fan Geller. Mar watfoar ellinde Geller meimakket, hokker tryste wrâld fan útsichtleaze ferslaving it boek bytiden ek sjen lit, Geller is gjin swiermoedich boek. Net allinne de nochtere ferteltoan makket it ferhaal lichter. De skriuwster observearret hiel goed alderhande personaazjes en situaasjes en wit dy op in oansteklike wize te beskriuwen. By flagen binne dy beskriuwingen echt humoristysk. En op de ien of oare wize wit de skriuwster knap synisme te mijen, al makket se wol deeglik út en troch gebrûk fan swarte humor.
De opbou fan de roman is in soad flyt op dien. Der binne twa ferhaallinen. De iene begjint mei de berte fan Geller en fertelt it ferhaal fan har jeugd. De oare ferhaalline begjint op it momint dat Geller as jonge frou beseft dat se wat oan har útsichtleaze libben fan drank en drugs dwaan moatte soe. Se nimt it beslút om te ferhúzjen nei in wengroep. Yn dy wengroep komt se yn ‘e kunde mei typen dy’t soms noch aparter binne as hja sels. Op in boeiende wize wurde de twa ferhaallinen trochinoar ferteld, de iene yn de doetiid, de oare yn de notiid.
Beide ferhaallinen wurde troch de ik-figuer ferteld as in soarte fan brieven oan in like âld nichtsje. Fien is de dochter fan de broer fan Gellers mem en is in moanne nei Geller berne. Fien funksjonearret as klankboerd, Geller fergeliket har mei Fien en hat in haat-leafdeferhâlding mei har. Oan’e ein fan it ferhaal nimt Geller in dúdlik beslút wat Fien oangiet.
Op dizze fernimstige en ynkringende wize beskriuwt Gabriëlle Terpstra yn har debútroman it libben fan in jonge frou dy’t dan hjir, dan dêr wennet en dy’t te meitsje krijt mei tal fan helpferlieningsynstellingen. De roman ropt like faak ûngemak op as dat it yn it moed taast, en it is it bewûnderjen wurdich hoe stoer at de skriuwster dit ferhaal – foar in part har eigen ferhaal – helder en nochteren, mar likegoed hoopfol opskreaun hat.

Koudum, 8 novimber 2025
Een Nederlandse bewerking van deze bespreking staat op Brekt.