Koos Tiemersma – Koade Read (2024)

It nije boek fan Koos Tiemersma, Koade Read, haw ik wer mei de grutste wille lêzen. En dat wier net allinnich om’t it boek (ek) as e-book ferskynd is, spitigernôch in seldsumheid foar Fryske boeken. It is Tiemersma wer slagge en beskriuw it libben fan in tal minsken yn in lyts Frysk doarp op sa ’n ynkringende en tagelyk licht iroanyske wize dat de lêzer hieltyd wer meinommen wurdt yn op it each hiel gewoane saken en deistige noeden en soargen.
Dêrby hat it in goede kar west om in aktueel probleem, de komst fan in wynmûnepark, as in soarte fan driuwende krêft yn de doarpsmienskip funksjonearje te litten. De dynamyk fan in lyts doarpke kin op dy wize sichtber makke wurde en lekker útfergrutte.
Koade Read, it tolfde boek fan dizze Fryske skriuwer, leit yn it ferlingde fan syn roman Einum (2012) dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar krige. Fierum, it (fiktive) doarp dêr ’t it yn Koade Read om giet, leit hast tsjin Einum oan yn it noardwesten fan Fryslân. De nije roman is lykas Einum opboud út haadstikken dêr’t hieltyd in oare doarpsbewenner de haadpersoan yn is. In ferskil is wol dat Koade Read minder liket op in samling losse ferhalen en fan it begjin ôf oan mear in trochrinnend ferhaal fertelt.
Wie it yn Einum noch in lyts fûgeltsje dat foar opskuor yn it doarp soarge, Fierum hat te krijen mei de komst fan in wynmûnepark. En útsein dy wynmûnen is der noch in reade tried dy’t alle haadstikken mei-inoar ferbynt: Goffe Conradi, de nije postrinner mei syn elektryske scooter. Dy is, sa seit de skriuwer sels ek, “de perfekte foarbygonger, in bûtensteander dy ’t herten ferwaarmet.”
It boek bestiet út 18 haadstikken en hieltyd wurde trije haadstikken foarôfgien troch in hast kryptysk twitterberjocht fan Goffe Conradi. De postrinner dûkt sels yn elk haadstik altyd efkes op, hieltyd ûnderweis mei post nei de minsken yn Fierum of Einum dêr ’t er ek de post besoarget. Op dy wize ferbynt de postrinner de Fierumers mei-inoar, mar ek mei Einum. Fierders is dat ferbinen hast synysk, want krekt as de rest fan Nederlân is ek Fierum polityk (en sosjaal) behoarlik polarisearre, wat fersterke wurdt troch de plannen foar de wynmûnen. Dy licht synyske, iroanyske trekjes binne fan it soarte fan humor dat Tiemersma wol fertroud is.
De measte ynwenners fan it lytse doarp binne tsjin de komst fan de wynmûnen yn harren ‘achtertún’. Mar in inkelde progressive GrienLinkser en in pear grutte boeren dy ’t grou jild oan de mûnen op harren grûn fertsjinje sille, binne foarstanners. De measte Fierumers stean dan ek efter de aksjegroep Koade Read en in foarljochtingsgearkomste fan de gemeente kin net oars as ferkeard ôfrinne. Net om ‘e nocht tinkt de gemeente-amtner oan it begjin fan de jûn al: “De sfear is stikelich, guon stoarje wantrouwend nei it skerm; nee, de Fierumer gesellichheid stiet fan ’e jûn op sterk wetter.”
Dizze roman fan Tiemersma snijt it aktuele probleem fan de enerzjytransysje oan en hoe ’t minsken dêr mei alle emoasjes tsjinoan sjogge. Dochs is it net allinnich de kontroverze oer it wynmûnepark dat foar spanning yn dizze hearlike roman soarget. Tiemersma wit de personaazjes mei soarch út te sykjen en ferskate lagen fan de doarpsbefolking fertsjintwurdigje te litten. Dy personaazjes en harren ûnderlinge relaasje tekenet de auteur dêrnei geweldich út.
Nim bygelyks de húshâlding fan meubelstoffearder Meindert Schrama, dy syn frou Frouk en harren dochter Renske en soan Douwe-Jan. Alle fjouwer binne se in kear haadpersoan fan in haadstik. Meindert is ponghâlder fan Pleatslik Belang (en fan de fûgelwacht en fan de keatsklup) en yn in gearkomste fan Pleatslik Belang sjogge je de ûnderlinge ferhâldingen tusken de trije totaal ferskillende bestjoersleden. It giet yn ‘e gearkomste perfoarst net sa ’t Meindert ferwachte hie: “De nuânse, it berekkenjende, wylst Fierum meikoarten gjin Fierum mear is; hy kin der net by dat Auke [de sekretaris] en Trui [de foarsitter] alles wat him dierber is ferkwânselje wolle, mei drûge eagen noch wol, krekt as docht it der net ta wat der mei it lânskip fan syn berte en dêrmei syn identiteit útfretten wurdt, en dat om in hantsjefol luzige rotsinten.”
Mar ek thús rint it net sa ’t Meindert it graach sjen wol. Doe’t dochter Renske lyts wie, hie Meindert in hiel goede relaasje mei har, mar dat feroaret neigeraden de wrâld fan de puberdochter grutter wurdt en dat fan him lytser. De hast 18-jierrige Douwe-Jan giet ek hieltyd mear syn eigen gong en sels it kriminele paad op. As Frouk en Meindert op in jûn rûzje meitsje, oer stikeme praktiken fan Meindert en de kriminele aktiviteiten fan Douwe-Jan, komt dochter Renske gûlend nei ûnderen. En dan einiget it haadstik fan Frouk Schrama mei de sin: “En sa steane se dêr, trije minsken út in húshâlden dy’t net mear by steat binne en kom elkoar yn ‘e mjitte, bestjurre yn in stilte dy’t net mear te oerbrêgjen is.”
Sa ’t ik al oanstipte, is Tiemersma in master yn it beskriuwen fan de dynamyk yn dat lytse Fryske doarp. Want útsein de komst fan in wynmûnepark is der mear oan de hân yn Fierum. Sa beskriuwt Tiemersma bygelyks de argewaasje fan de eigener fan snackbar It Hoekje, fanwege de tastimming dy ’t it doarpshûs krigen hat om ek snacks te ferkeapjen.: “(…) in foarm fan tsjinstferliening dy’t op fûle protesten fan Kees Krul, de eigener fan snackbar It Hoekje, rekkenje kin, it grutste striidpunt yn Fierum, teminsten oant no ta.”
Al faker haw ik de styl fan Tiemersma priizge en ek dit boek lêst wer sa plezierich troch dy styl, mei prachtige beskriuwingen en rake observaasjes. Samar in foarbyldsje – út it haadstik fan Lomme Veenstra, de behearder fan de Facebookgroep fan Fierum & Fierder – wêryn’t mei in pear sinnen in soad sein wurdt: “De takomst lei noch iepen, de útbou wie nedich mei it each op it krijen fan bern. Dy’t net kamen, dy’t bleaune wêr’t se wiene, yn it beskûl fan dreamen dy’t wilens allang ferflein binne.” Hast like achteleas is ek wer de byldspraak dy ’t geregeld en raak opdûkt, lykas yn de beskriuwing fan Kees Krul “mei stimbannen dêr’t de Titanic oan optakele wurde kin”.
In aardige tajefte is feitliks it achttjinde en lêste haadstik, mei as titel ‘Goffe Conradi’. It is tekenjend foar it fakmanskip fan in skriuwer as Tiemersma dat er de fraaie beskriuwing fan de omjouwing fan it doarpke Fierum pas oan it begjin fan it lêste haadstik delset:
“Hjir komt it ferhaal fan Fierum ta in ein, oer in doarp yn it noarden, op in keale flakte, foarme troch in see dy’t frij spul hie en dit lânskip opboude, it iene flues nei it oare achterlittend, op it ritme fan eb en floed. Doe kamen de muontsen, like skier as it lân dat se wûnen op ’e see. De klaai luts har yn it bloed, it graven yn har motoryk. Diken waarden dellein en ophege. It opkommend wetter waard betwongen, it lân ferkavele en beboud. Ut it kleaster wei waarden tsjerken stifte, lykas hjir, op in terp. Nee, gjin katedraal, mar in godshûs mei in gearstalde toer, heech yn ’e skouders.”
En nettsjinsteande de titel is net allinnich Goffe de haadpersoan fan dit lêste haadstik. Ek de skriuwer sels – “in pierlala dy’t it prima slagge en bliuw sa goed as ûnsichtber. Griis kopke, meager postuer, ûnbestimd glimke dat fan alles betsjutte koe” spilet dêryn iepentlik in spul fan de werklikheid en de ferbylding. Dat docht er ûnder oare troch Goffe it manuskript fan it boek lêze te litten en dy him ôffreegje te litten oft er wol sa prominint as haadpersoan fan dat lêste haadstik fungearje moatte soe.
It makket nochris dúdlik dat de skriuwer Koos Tiemersma wit hoe ’t it spul fan fiksje en werklikheid op nivo spile wurde kin.