Kristel Doreleijers, Alexia Kerkhof, Sterre Leufkens, Marc van Oostendorp – Atlas van het dialect in Nederland (2026)

Op 22 septimber 2026 ferskynde by Utjouwerij Lannoo in pearel foar dialektleafhawwers: de Atlas van het dialect in Nederland. Dit ryk yllustrearre neislachwurk telt 227 siden yn hardcover en is skreaun troch fjouwer taalkundigen: Kristel Doreleijers, Alexia Kerkhof, Sterre Leufkens en Marc van Oostendorp. Elk bringt har of syn eigen spesjalisme mei: Doreleijers is ûndersiker by it Meertens Instituut, Kerkhof is spesjalist yn de taalskiednis fan it Nederlânsk en it Frysk, Leufkens is universitêr dosint Nederlânske taalkunde oan de Universiteit Utrecht en Van Oostendorp wurket oan de ôfdieling Nederlandse Taal en Cultuur fan de Radboud Universitet yn Nijmegen.

Troch dy eftergrûnen fan de skriuwers en de kontrôle troch in tal adviseurs is de ynhâld wittenskiplik goed ûnderboud (mar dochs net hielendal flaterfrij) én de tekst is ek nochris lekker flot lêsber. It boek is dan ek mei klam makke foar in breed publyk, en perfoarst net allinne foar taalkundich ynteressearre lêzers. Troch de foarmjouwing en de orizjinele yllustraasjes fan Stefan Theunis en Stijn Fabri eaget it gehiel boppedat tige oantreklik.
It boek is opboud om fyftich útdaagjende fragen hinne. Guon dêrfan dûke yn de taalkundige eigenskippen fan dialekten, oare geane oer de moaiste, kleurrykste en meast bysûndere wurden en útdrukkingen. Sa komt bygelyks de fraach oan bod hoe’tst oan it taalgebrûk fan ien werkenne kinst dat er dronken is. It boek is aktueel (‘Waarom gebruiken jongeren dialect op sociale media?’), mar giet ek yn op de taalskiednis: “Het (Limburgse dialectlandschap) is gevormd in een tijd waarin er nog geen landsgrenzen door het land van Maas en Rijn liepen (…).”
De oanlieding foar it boek is de grutter wurdende belangstelling foar dialekt. Dialectinfluencers – kontentmakkers dy’t streektalen of dialekten ynsette op sosjale media – binne ommers tige populêr, wylst der tagelyk hieltyd mear wittenskiplike kennis oer dialekten beskikber komt. Dêryn spilet it Meertens Instituut in wichtige rol. Dat is it ynstitút fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) dat Nederlânske taal en kultuer ûndersiket, fan dialekten en streektalen ta nammen, folkskultuer en identiteit.
En nee, net álles oer dialekten yn Nederlân stiet yn dizze atlas. Of, sa’t de skriuwers it sels ferwurdzje: “Vijftig hoofdstukken zijn bij lange na niet genoeg om recht te doen aan de volle breedte van het Nederlandse dialectlandschap.” Mar wat der wól yn stiet, is in soad, ek oer it Frysk, mei sels in hiele bledside oer it Stedsfrysk, wêrûnder it Snekers. Al sil ûnder oaren Henk van der Veer net bliid wêze mei de lêste opmerking op dy side: “Veel dialecten, in Friesland en elders, worden behalve gesproken ook geschreven. Dat geldt niet voor het Stadsfries: dat is puur een spreektaal.”
Wat de oandacht foar it Frysk oanbelanget: al yn it earste haadstik, oer de fraach wêryn’t talen ferskille fan dialekten, komme ek regiolekten op it aljemint. Dêr stiet ûnder mear: “De situatie in Friesland is wat regiolecten betreft net weer wat bijzonderder.” It stikje einiget mei de konstatearring dat Friezen soms gauris in Nederlânsk lienwurd brûke (gebeure yn stee fan barre), mar dat dan wol mei in Fryske klank útsprekke – hjir de g-klank. Fierderop yn it boek, yn it haadstikken oer de útspraak fan de g – ‘misschien wel de meest beladen klank van het Nederlands’ – wurdt hiel moai útlein: “Diep in de middeleeuwen klonk de g in het hele Nederlandse taalgebied ook als die van het Duitse gut en Engelse good: je maakte hem door je mond achterin heel even af te sluiten met de achterkant van je tong. Het Fries heeft die oude klank bewaard. In Friesland zeg je nog altijd goed met dezelfde g als in het Engels – het is een van de aanwijzingen dat dit de oorspronkelijke uitspraak is.”
It Frysk is folop oanwêzich yn dit boek, lykas yn it haadstik oer de Fryske resten dy’t noch altyd te finen binne lâns de hiele Nederlânske kuststripe: ”Van Zeeland tot de kop van Noord-Holland zie je overal kleine Friese overblijfselen die de vloedgolf van het Nederlands hebben overleefd.” Sa’n 1500 jier lyn kamen migranten mei as taal it Anglo-Frysk (in soarte fan foarâlder fan it Ingelsk én it Frysk) nei de Britske eilannen en nei de Nederlânske kuststripe. Fan 800 ôf luts de Fryske taal him yn dizze krite stadichoan werom nei it noarden, en dat proses gie fan 1200 ôf hurder. Allinnich yn it hjoeddeistige West-Fiesland hâlde it Frysk langer stân, sels langer as yn Grinslân – eat dat yn in oar haadstik wer moai beskreaun wurdt.

Fryslân en it Frysk wurde ek geregeld belutsen by it besprek fan spesifike dialektferskynsels. Nim it haadstikje oer weromwurkjende foarnamwurden: “Hem(zelf) bestrijkt juist het kleinste gebied. Deze vorm tref je aan in Friesland en de aangrenzende delen van Groningen, Drenthe en Overijssel, bijvoorbeeld Toon wasket em in de tobbe, Josse slacht himsels (‘Josse slaat zichzelf’) of Hy fersint him (‘Hij vergist zich’). Als je niet uit deze Noord-Nederlandse regio komt, kan het gebruik van hem misschien tot grappige verwarring leiden. Een zin als Toon wasket hem/him/hom in de tobbe zou je kunnen interpreteren alsof Toon iemand anders wast dan zichzelf.” Kompleet mei in grappige yllustraasje.
Yn it haadstik ‘Sociale media maken dialecten hip’ is in apart kader wijd oan it Frysk, dêr’t yn te lêzen falt: “Het Fries is als regionale minderheidstaal sterk vertegenwoordigd op het internet. (…) ook op sociale media heeft het Fries een sterkere positie dan de dialecten of de twee andere officieel erkende regionale talen (…).” En yn it haadstik oer fiskersdialekten krije sawol it dialekt fan Hylpen (“Het Hylpers wijkt erg af van de Friese standaardtaal, en dat komt door de invloed van het Hollands”) as dat fan de Waadeilannen (“Tegenwoordig is het slecht gesteld met de Friese dialecten op de Waddeneilanden”) in eigen plakje.
It haadstik oer literatuer yn dialekt besprekt net allinne Nederlânske skriuwers as A.F.Th. van der Heijden en Willem Wilmink, mar ek âldere auteurs as Anne de Vries (Bartje), Multatuli en J.J. Cremer mei syn Oerbetuwsche novellen (1856). Ek ‘Literatuur in het Fries’ krijt omtinken, en dêr dûkt ûnder oaren de 17e-iuwske Gysbert Japicx op, fan wa’t de earste twa strofen fan it fers ‘Muwzebooste’ oanhelle wurde, mei in Nederlânske oersetting derby.

By it besprek fan foarnamwurden steane moaie Fryske foarbylden, want: “Het Fries heeft van alle talen en dialecten in Nederland misschien wel het meest verfijnde aansprekingssysteem.” As yllustraasje wurde de tolve wizen neamd dy’t Eric Hoekstra telde om persoanen yn it Frysk oan te sprekken, wêrûnder de yn it Nederlânsk ûngebrûklike foarm: “Wil meneer ook een kopje koffie?” Fansels dûke der ek Fryske foarbylden op yn it haadstik oer regionale foarnammen, want: “Friesland vormt een beetje een uitzondering op de rest van Nederland, want daar krijgen kinderen nog relatief vaak een traditionele voornaam (…).” Al nimt ek yn Fryslân dat oantal yntusken rap ôf. Oan de oare kant feroveren Fryske moadeammen as Hidde en Doutzen yn de ôfrûne jierren ek oare parten fan Nederlân. En yn it haadstik oer de útspraak fan tiidwurden (‘lope’ of ‘rin’n’) komt ûnder oare it brûken fan de slot-n nei foaren yn Fryske sintsjes as ‘Ik sil him skilje’ of ‘Ik gean sitten’.
De skriuwers mije ek allegear moaie sydpaadsjes net, wat in soad weetsjes oer regionale talen en dialekten opsmyt. By de fraach ‘Hoe noem je de familieleden in dialect’ stiet ûnder oare: “Taalgebruikers in Friesland hebben weer heel eigen woorden voor hun ouders: heit en mem.” Yn in kaderke folget dan in aardich stikje oer Us Mem (it stânbyld fan in ko yn Ljouwert), Ús Heit (it stânbyld fan Willem Lodewijk van Nassau), en wurdt sels Ús Abe neamd, it stânbyld fan Abe Lenstra by it stadion fan Hearrenfean. Op in oare side dûkt yn in kader ek ‘Tante Maaike’ op: Muoike Maaike, de Fryske bynamme fan de yn Fryslân populêre mem fan steedhâlder Willem IV.
By it haadstik oer ‘dialectwoorden voor kussen en zoenen’ stiet in kaderke oer it bysûndere Fryske ferkearsboerd mei ‘Tút en derút’. Fansels ûntbrekt ek it sjibbolet ‘Bûter brea en griene tsiis’ net (mei in lyts typflaterke: tsiss). En yn in kader by de paragraaf oer ‘voegwoorvervoeging’ yn guon dialekten pronket in kûplet út it bekende ferske ‘Wer bisto’ fan Twarres, mei de rigels: “Ik hâld fan dy, sa asto bist / Datst dat dan wol efkes witst.” In kader by de paragraaf oer Frânske ynfloeden yn dialekten giet oer oarspronklik Frânske wurden yn it Frysk, mei as fleurige kop: ‘In pommerant fan kwizakwânsje’.

Yn it haadstik oer de wize wêrop’t bern yn ferskillende dialekten foar gefaar behoede waarden, komme ûnder oare de wetterduvels foarby: “In Friesland heet de waterduivel Hansje Pik of Heintje Pik, en op de Waddeneilanden Heintjevaar.” Efkes fierderop: “Een opmerkelijke kinderschrik van Noord-Holland was de geest van de Friese koning Radbod, die in de 8ste eeuw over Friesland heerste en zich hevig verzette tegen de kerstening. Na zijn dood – hij stierf in 719 – werd hij volgens de West-Friese overlevering een rondwarend monster: Tientoon-elfrib: tien tenen en elf ribben, een wezen met de kop van een snoek vol scherpe tanden op een mensenromp bedekt met schubben en vinnen.” Ek yn de paragraaf oer spotnammen foar doarpsbewenners skitteret Fryslân: “Het rijkste materiaal vinden we in Friesland, waar de Fryske Akademy zo’n 260 dorpsbijnamen heeft verzameld.” Dêrby stiet in moaie yllustraasje mei seis Fryske foarbylden (dêr’t ik fansels graach ek de ‘Beantsjes’, de spotnamme foar de ynwenners fan Koudum, by sjoen hie).
Achteryn it boek steane boppedat handige oersichten en tips foar elkenien dy’t noch mear witte wol oer dialekten, of dy’t mei it eigen dialekt oan de slach wol. Op de side mei ynformaasje oer streektaalorganisaasjes wurde ek trije Fryske organisaasjes neamd: de Stellingwarver Schrieversronte, de Fryske Akademy en de Afûk.
Ik haw noch net alles yn dizze prachtige útjefte like yntinsyf lêzen en haw my foarearst rjochte op wat deryn foarkomt oer Fryslân en it Frysk. Dit besprek wjerspegelet dan ek foaral dat. Ik slút alderminst út dat oaren itselde dwaan kinne soene mei it Grinslânsk, it Brabânsk, it Limboarchsk, it Drintsk, it Siuwsk of it Amsterdamsk. Dochs nimt it Frysk wol deeglik in bysûndere posysje yn – en dat makket de atlas ek oertsjûgjend dúdlik: it Fryske taalgebiet is net samar ien fan de in protte dialektgebieten fan Nederlân. In moai foarbyldsje: yn in paragraaf oer de wurdfolchoarder yn in sin mei trije tiidwurden wurdt de foarkarsfolchoarder fan de Nederlânske dialekten beskreaun, mei dêrefteroan de opfallende opmerking: “In het Fries keren ze de zaken om”.
En ta beslút stiet der yn de ynlieding fan dizze dialektatlas in sin dy’t de kearn fan it boek moai gearfettet: “De schrijvers van dit boek delen dezelfde overtuiging: alle mensen in Nederland, zowel jong als oud, mogen trots zijn op hun eigen dialect. Met deze atlas willen we uitleggen waarom dat het geval zou moeten zijn.” En sa wol ik mei dit besprek sjen litte dat de skriuwers – en foarmjouwers – fan dit boek terjochte grutsk wêze meie op harren boek.

Klik hier en je krijgt de tekst van dit artikel in het Nederlands.
Koudum, 26 september 2026