Tiemersma wint Rink van der Velde-priis

Van der Velde-prijs naar Tiemersma

DRACHTEN – Skriuwer Koos Tiemersma fan Kollumersweach  is de winner fan de earste Rink van der Velde-priis. Hy krige de priis justermiddei yn it gemeentehûs yn Drachten útrikt foar syn yn 2002 útkommen roman ‘De Ljedder’.

De sjuery – besteande út bibliotekaresse Rena Wagenaar, boekferkeapster Alie Dijk en stamgast Gurbe Douwstra fan kafee Marktzicht – wie unanym yn syn oardiel dat ‘De Ljedder’ de bêste roman fan de ôfrûne twa jier en gaadlik foar in breed publyk is.

Koos Tiemersma wie mei in ferlechje nei it gemeentehûs fan Smellingerlân lokke, mar folslein ûnferwachts kaam de priis net, joech er yn syn tankwurd ta. ,,Ik hie de útnoeging foar de útrikking al by it âld papier goaid, mar doe’t dy letter foar de twadde kear op ‘e tafel lei ha’k al eefkes tocht.’

De Rink van der Velde-priis is troch de Friese Pers en de gemeente Smellingerlân ynsteld om it oantinken oan de trije jier ferline skriuwer Rink van der Velde libben te hâlden. De priis – besteande út in byldsje fan Anne Woudwijk en in jildbedrach fan €1250 –  is ornearre foar proaza yn ‘e geast fan Rink van der Velde, folksaardich en foar in breed lêzerspublyk.

Rena Wagenaar fertelde dat de sjuery muoite hân hie mei de term ‘breed lêzerspublyk’ en dêrom safolle mooglik útgien is fan har eigen kwaliteitsnoarmen. Se priizge ‘De Ljedder’ om de humor, de knappe persoanbeskriuwing en útwurking fan de karakters en om it hjoeddeisk taalgebrûk, de flotte styl, de taalrykdom en it moaie idioom.

Leeuwarder Courant donderdag, 26 februari 2004