HOLLANNER VAN DER MEULEN LIES HÛNDERTEN FRYSKE BOEKEN
Jelle van der Meulen is learaar Nederlânsk oan in skoalle yn Castricum, yn syn frije tiid skriuwt er gedichten en makket er muzyk. Neat ûngewoans dus. Minder gewoan – foar in Hollanner alteast – is dat er Fryske boeken lêst en besprekt. “Ik ben Fries gaan lezen en daar ben ik niet meer mee opgehouden,” stelt er ienfâldich fêst op syn webside.
Njonken de foardoar fan syn hûs yn Castricum stiet in buordsje mei ‘Tink om ‘e hûn’ yn it finsterbank, de stabij dy’t by dat buordsje heart, hjit Bijke. Mar dêr hâldt it ek mei op wat de Fryske attributen by him thús oanbelanget. Jelle van der Meulen (52) lêst Fryske boeken, mar dweept net mei Fryslân. Hy hat der noait wenne, heart en praat komselden Frysk en fielt him út noch yn gjin Fries.
Hy is ferneamd nei syn pake, mar it duorre oant syn ferkearing mei in Friezinne ear’t er ûntdiek dat opa Jelle Frysk prate koe. Opa wie yn Snits berne en al jong nei Noard-Hollân ferfearn.
Troch syn houlik mei dyselde Fryske faam kaam Jelle van der Meulen yn ‘e kunde mei in oantal Friezen. Dat wie foar him in reden om foar syn stúdzje Nederlânsk yn Amsterdam it Frysk as byfak te kiezen. Dêr lies er syn earste Fryske boek, De Fûke fan Rink van der Velde as er him net fersint. Yn ‘e rin fan ‘e jierren hat er inkelde hûnderten Fryske boeken lêzen.
Mei de LC praat er Frysk, sa no en dan skeakelt er ûngemurken oer op syn memmetaal, it Nederlânsk. “Ik hâld fan lêzen, ik lês ek in protte Nederlânske boeken. Amper bûtenlânske, ek net yn fertaling, der haw ik te min tiid foar. Wêrom wol Fryske? “Miskien dat ik earne yn myn hert in spesjaal plakje foar it Frysk ha, al kom ik hast noait yn Fryslân.”
“Ik wit net presys wat it is. Ik genietsje gewoan fan it Frysk-lêzen. Ik mei it ek graach hearre, leaver as it Ingelsk of it Dutsk. Dat wie daliks, doe’t ik der by de famylje fan myn earste frou mei yn oanrekking kaam, al sa. Under it lêzen is it faak krekt oft ik de taal hear. Soms lês ik lûdop, by de poëzij fan Tsjêbbe Hettinga bygelyks. Ik ha’t wol ris hân dat ik yn ‘e trein lûdop siet te lêzen sûnder dat ik it sels yn ‘e gaten hie.”
“Ik hearde noait Frysk praten, mar sûnt koart haw ik ADSL, en harkje ik sa no en dan op ynternet nei Omrop Fryslân. It Europeeske Kampioenskip hurdriden haw ik op Omrop Fryslân folge. It gie my it iene ear yn en it oare wer ut, mar it wie my ek mear om ‘e lûden fan de taal as om de ynhâld te dwaan. As it nijtsje der aanst ôf is sil it wol oars wurde, mar no fyn ik it noch prachtich om te hearren.”
Tweintich jier lyn frege it Nederlands Bibliotheek- en Lectuur Centrum (tsjinwurdich Biblion) oft er Fryske boeken foar dy organisaasje lêze woe. In freon hie in meiwurker fan dy organisaasje ferteld dat Jelle van der Meulen Frysk lies.
Fan elk boek dat er foar Biblion lêst – en dat binne der tusken de tsien en fyftjin jiers – makket er op in kaartsje in besprek fan op syn heechst 1100 posysjes (lettertekens, de spaasjes ynbegrepen). Yn it begjin wie dy beheining in grutte frustraasje, mar yn ‘e rin fan ‘e jierren hat er der hieltyd mear aardichheid oan krigen om yn sa’n koart stikje gear te fetsjen wêr’t in boek oer giet en hoe’t it skreaun is. De bibleteken beslute mei op grûn fan syn ynformaasje oft se in boek oanskaffe of net. Alle besprekjes dy’t er yn ‘e rin fan ‘e jierren makke hat, hat er op syn eigen webside set en binne dus ek foar net-bibleteekminsken te lêzen.
Der komme yn it Frysk folle minder boeken út as yn it Nederlansk, mar yn kwaliteit docht de Fryske literatuer neffens Van der Meulen net ûnder foar de Nederlânske. “Ik ha teminsten noch noait tocht: no moat ik al wer in Frysk boek lêze.”
“Yn it Nederlânsk stiet ien skriuwer foar my fier boppe alle oare: Louis Paul Boon. As se my freegje hokker boek my it dierberst is, hoech ik gjin tel nei te tinken: De Kapellekensbaan fan Boon. Sa’n swier favoryt boek haw ik yn it Frysk net. In Top 10 fan Nederlânske skriuwers soe ik sa meitsje kinne. Foar it Frysk soe dat dreger wurde, gewoan om’t der lang safolle skriuwers net binne. Mar de top fan Fryslân is foar myn gefoel net folle minder as dy fan Nederlân. Louis Paul Boon eefkes net meirekkene fyn ik Hermans en Mulisch net folle better as Trinus Riemersma.”
“Ik hâld by in roman fan in goed ferhaal, mar ek fan djipgong. Dy djipgong sit faak yn ‘e struktuer fan in boek, yn hoe’t ferskillende ferhalen mei elkoar ferflechte binne. As dat goed bart, bin ik al gau ymponeard. Riemersma kin dat. Wat ik foaral yn him wurdearje is dat er alle kearen syn nekke wer út doart te stekken. Dat er net trochgiet op in suksesformule, mar alle kearen wer wat nijs útprebearret.”
“Net dat it ferkeard foar in skriuwer is om him ta ien styl te beheinen. Immen as Van der Leest hoecht om my noait wat oars te skriuwen as de kolderike, absurde boeken dy’t er makke hat. Sa’t hy mei de taal boartet, dy hiele aparte humor fan him, dêr moat ik ferskriklik om laitsje. Folslein unyk. Der is net ien Nederlânske skriuwer dy’st mei him ferlykje kinst.”
“Anne Wadman is in klassiker. Hy hat sjen litten datst yn it Frysk ek in moderne, literêre roman skriuwe kinst. Josse de Haan haw ik ek heech en fierdjer fyn ik De Ljedder fan Koos Tiemersma in goed boek.”
“Yn ‘e poëzij binne de ferskillen mei it Nederlânsk noch lytser. It fernuveret my hieltyd wer dat sa’n lyts taalgebiet safolle poëzij fan sa’n heech nivo fuortbringt. De Fryske poëzij docht yn neat foar de Nederlanske ûnder. Dat sjochst oan de Nederlânske poëzij fan Tsead Bruinja, Albertina Soepboer en Harmen Wind. Dy wurdt bûten Fryslân faak noch better ûntfongen as yn Fryslân.”
“In boek as De fjoerbidders fan Albertina Soepboer sjocht der boppedat prachtich út. Dêr mankearde it earder noch wolris oan. De foarmjouwing fan De fjoerbidders sil wol aardich wat subsydzje koste hawwe, mar der binne mindere dingen om jild oan út te jaan.”
“In hiel opfallende bondel fûn ik ‘Troch kadastrale fjilden’ fan Durk van der Ploeg. Dy man is al yn ‘e santich, ha’k begrepen, mar syn poëzij is sa fitaal. It is te behearske, te moai fan komposysje om fan in jongere te weze, dat as ik it lês tink ik: hjir is in fjirtiger oan it wurd.”
Op skoalle wurdt er troch syn kollega’s net raar oansjoen om syn belangstelling foar it Frysk. Net raarder alteast as de kollega dy’t alles oer Dimtner wit om’t er der tafallich weikomt. Doe’t er yn ‘e klasse ris in Nederlânske oersetting fan ‘It wite wiif’ fan Irolt song, easken de learlingen dat er de Fryske ferzje ek hearre liet. By wurden as tsiis, tsjerke en skoalle leit er syn learlingen altyd út dat it Nederlânsk en it Dútsk oan elkoar besibbe binne, lykas it Frysk en it Ingelsk dat ek binne.
Doe’t er in stik jonger wie hat er wolris yn him omgean litten om nei Fryslân te ferfarren. En doe’t er in pear jier lyn mei syn hjoeddeiske frou troch Gaasterlân ried, seine se beide: “Hier zou ik wel willen wonen.” Mar echt reëel wie dat net, wêr soe er fan bestean moatte?
“En it hoecht ek net. Nee, ik tink net dat it der oait fan komt.”
SIETSE DE VRIES
Interview Leeuwarder Courant, 2004