Liuwe H. Westra. Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)

Trije jier wurke Liuwe H. Westra oan de biografy fan de bysûndere heechlearaar Frysk Tony Feitsma. De biografy fan goed 700 siden (ynklusyf noaten en registers) krige de tapaslike titel Pionier foar it Frysk, mei as like tapaslike ûndertitel ‘Libben en striid fan Tony Feitsma (1928 -2009)’. It is in tige slagge biografy wurden, like wittenskiplik as lêsber, wêryn ’t de biograaf de grutte fertsjinsten fan Feitsma terjochte foarop stelt, mar perfoarst ek net foarbygiet oan wat minder fraaie of sels kwealike kanten fan dizze opmerklike frou.
De biografy is it boeiende ferhaal fan it libben en wurk fan Tony Feitsma, mar tagelyk in part fan it ferhaal fan de Fryske wittenskip en de Fryske (taal)beweging fan dy tiid. Westra hâldt fansels de gronologyske folchoarder oan, mar is as it nedich is net bang om guon ferbannen wat fierder yn de tiid troch te lûken.
It earste haadstik beskriuwt de jeugd fan Tony Feitsma oant en mei har eineksamen yn 1946, en einiget mei de fraach “wêr heart se krekt by?”. Yn 1932 ferhuzet de húshâlding mei beuker Tony fan Brantgum earst in pear moanne nei Ljouwert en dan troch nei de krekt drûchleine Wieringermeerpolder. De Feitsma’s ferhúzje dêr noch fjouwer kear oant se yn 1938 op de Antoniahoeve telâne komme. Trije ferskillende legere skoallen besiket Tony foar’t se fan 1938 oant 1940 de ULO docht. Dêrnei giet se nei it gymnasium yn Alkmaar, dêr ’t se troch de wike yn in gastgesin sit. Yn april 1945 ferhuzet de húshâlding fan need alwer, om’t de Dútsers de diken fan de Wieringermeerpolder trochstutsen hawwe. De Feitsma’s keare in pear moannen foar Tony’s eineksamen werom nei de wer drûchleine polder, mar earst noch yn needwenningen.
Tony Feitsma is de earste út de boerefamylje Feitsma dy ’t nei de universiteit giet. Se set foet yn in nij miljeu en Westra makket dúdlik dat sy har dêr hiel goed fan bewust wie. Se fielt har net hielendal op har gemak en strielet dat ek út. Boppedat, sa beklammet Westra, wie Tony fanwege har hege yntelliginsje ek oars as de oaren.”Oarswêzen, iensumens en fragen oer de eigen identiteit – dêr wurdt it allegear net makliker fan as men yn in nij fermidden jins paad sykje moat.”
De famylje Feitsma waard yn de Wieringermar hieltyd Frysksinniger. As famke fan sechstjin jier waard Tony Feitsma lid fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. Der is in prachtige, fiergeand Frysksinnige taspraak bewarre bleaun dy ’t de sechstjinjierrige skreau foar de oprjochtingsgearkomste fan de ôfdieling Wieringermar fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. In ôfdieling dy ’t oars nea oprjochte is. De konklúzje fan de biograaf oan de ein fan it twadde haadstik: ek al late de Frysksinnige ideeën fan it famke Tony Feitsma nearne ta, dúdlik wie al wol: “Hja wie fan har aard in beweger”.
Op de Universiteit fan Amsterdam studearret se fan 1946 ôf Germaanske talen mei as haadfak Deensk. Se is in mear as iverige studint en docht allerhanne ekstra fakken: in twadde taal (Sweedsk), mar ek Aldfrysk en Fryske Literatuer. Nei it kandidaatseksamen hellet se der noch nije talen by en ferdjippet se har yn it Frânsk, it Bretonsk en it Middelwelsh. Yn 1952 studearret se in healjier yn Kopenhagen.
Yn 1954 wurdt se oannommen op it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins en se ferhuzet nei dy stêd. Yn maaie 1955 studearret se cum laude ôf. Hja set har yn foar de Fryske beweging, leit dêrby de latte heech, al giet it har foaral om in yntellektueel doel (minsken hawwe it rjocht om foar har eigen taal te kiezen om har te ûntwikkeljen) en net sa bot om konkrete doelen. Troch har ambysje en har krityske reaksjes nei oarstinkenden set se har wol yn in isolearre posysje. Westra wiist der ek op dat net allinnich har ôfwikende stânpunten, mar ek har muoisume kommunikative feardichheden dêrby in rol spile hawwe.
Fan 1956 oant 1961 is Feitsma learares Frans yn Harns. Nei ’t se har in koart skoft wat ôfsidich hâlden hat yn de Fryske Beweging riert se har ein jierren fyftich yn alderhande Fryske kwestjes, bygelyks de staveringskwestje. Feitsma nimt dêryn har eigen(wize) paad troch de fonologyske stavering te promoatsjen en neffens Westra fiert se de striid net altyd like earlik. Se bemuoit har yn dy jierren ek mei tal fan saken dy ’t net iens allegear in plak fine kinne yn dit – dochs al mânske – boek, lykas de ôfsluting fan de Lauwersmar, de FNP, de biblioteek fan it Frysk Genoatskip, de Mammoetwet of de betinking fan de Slach by Warns.
Yn ‘e jierren sechtich is Tony Feitsma in begryp yn de Fryske Beweging. Hoewol ’t se soms in liedersrol hat, binne der foarbylden genôch dy ’t toane dat se der tagelyk faak ek net hielendal by heart. Geregeld hat se oanfarringen mei oarstinkenden, wêrby ’t – sa lit Westra sjen – de reedlikens wolris wei wie by Feitsma.
As fêste wittenskiplike meiwurker oan de Ryksuniversiteit Grins begjint se oan har dissertaasje. Yn 1968 wurdt se tegearre mei Henk Meijering wittenskiplik meiwurker op de Vrije Universiteit (VU) yn Amsterdam. Dêr besiket Feitsma de stúdzjerjochting Frysk in faktor fan betsjutting wêze te litten yn it gehiel fan de Fryske wittenskip. Yn 1974 promovearret se cum laude op in – nochal technyske – dissertaasje oer de klanken by Gysbert Japicx.
Yn 1978 wurdt Tony Feitsma heechlearaar Frysk op de Vrije Universiteit, tagelyk mei Henk Meijering. Net alles yn har libben gie fan in laaien dakje, dus as Westra oan de ein fan haadstik 7 in tuskenbalâns opmakket, skriuwt er: “Yn ‘e jierren ’70 bringt Tony Feitsma troch ynmoedich wrotten in bloeiende stúdzjerjochting yn Amsterdam ta stân en slagget it har om sels heechlearaar te wurden. Tagelyk wurdt krekt yn dy jierren dúdlik, dat Tony har persoanlik ideaal fan in bydrage oan de Fryske Beweging troch wittenskiplik ûnderboude arguminten der net ynsit.”
In tal jierren bloeit de stúdzjerjochting Frysk oan de Vrije Universiteit. Westra beskriuwt Feitsma as in spin yn it web en as in fisk yn it wetter fan de frisistyk. Se docht foar guon fan har studinten mear as nedich is, mar oan ‘e oare kant isolearret se har fan de rest fan de universiteit, en kin se soms ûnreedlik úthelje yn har polemiken of yn it ynterminsklike ferkear. Westra jout dêr foarbylden fan dy ’t foar himsels sprekke.
Neist har wurk as heechlearaar (fan 1985 ôf behalve op de VU ek op de Universiteit fan Amsterdam) hâldt Feitsma him dwaande mei allerhande Fryske saken: de aktualiteit, lykas de ferfrysking fan plaknammen yn it offisjele ferkear, de skiednis fan de Fryske Beweging of de problematyk fan in Fryske taalnoarm. Westra wiist derop dat Feitsma – wittenskiplik foarme as taalkundige – him nei 1978 mear en mear ek as letterkundige sjen lit. Lykas sein slacht Westra de mindere kanten fan Tony Feitsma net oer, lykas de rol dy ’t se spile by de ein fan de Koperative Utjouwerij. Westra ferwyt har dêryn sels mei twa maten te mjitten: sa fûl as se is om oaren te bekritisearjen, sa nonsjalant giet se om mei krityk as se sels ferantwurdlik is.
Hoe’t Feitsma har ek isolearre fan oaren, soms koe se ek wol freonskippen slute, lykas mei Irénke Meekma dy ’t by har op kolleezje kaam om Frysk skriuwen te learen en mei wa ’t se letter as mei ien fan de iennichsten oer har persoanlike libben prate koe. Ymposant is tsjin de ein fan haadstik 8 Westra’s opsomming fan it ‘wittenskiplik neiteam’ fan Tony Feitsma. In grut part fan de driuwende krêften yn de frisistyk oan de ein fan de 20e en it begjin fan de 21e iuw hat koartere of langere tiid by Feitsma kolleezje rûn.
Oan ‘e ein fan har heechlearaarskip komt de stúdzje Frysk ûnder druk te stean. Protesten helpe net en de stúdzjerjochting Frysk oan de VU wurdt opheft. Dat stuts Feitsma, dy ’t gjin ôfskiedsrede hold by har fuortgean fan de VU. Dy ôfskiedsrede hâldt se wol as se fanwege har emeritaat yn 1993 – se is dan 65 – ek de Universiteit fan Amsterdam ferlit.
Bliken fan wurdearring krijt se yn de foarm fan in ôfskiedsbondel en in skildere portret. Feitsma hie wol plannen foar nei har emeritaat, mar de ôfnimmende sûnens stiet dat net ta. It tal publikaasjes rint fan 1997 ôf dúdlik ôf. In boek oer Joast Hiddes Halbertsma as taalkundige ferskynde pas yn 2012, trije jier nei har ferstjerren. Dat allegearre wol net sizze dat Feitsma har nearne mear mei bemuoide. Dat die se wol, dêr wie de biograaf (fan 1993 oant 1997 foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging) fan tichtby sels tsjûge. Se sprong bygelyks yn de bres foar de Fryske Akademy en wie ûnder oare belutsen by it Aksje-komitee Fryslân 2000 + en by de alternative betinking yn 2001 fan Kneppelfreed.
Fan 2005 ôf giet de sûnens fan Tony Feitsma flink achterút en yn 2009 wurdt se yn in fersoargingshûs inkelde moannen folslein fersoarge troch ferpleechkundigen, famylje en freonen oant se op 9 augustus ferstjert. De begraffenistsjinst is yn har wenplak Grou en se wurdt begroeven yn har bertedoarp Brantgum, de kiste bedekt mei de Fryske flagge. Op har grêfstien stiet ûnder har namme ‘Striidster foar it Frysk’.
As erfgenamt hie Tony Feitsma yn har testamint allinne it Feitsma Fûns opnommen. Dat fûns jout, yn de wurden fan Tony Feitsma sels: “Stipe foar it Frysk op punten dêr ’t de taal him net sa maklik sels rêde kin.”. Ik kin my sa yntinke dat de ferskining fan dizze tige slagge en yn it Frysk skreaune biografy sûnder de stipe fan it Feitsma Fûns net mooglik west hie.
Dizze biografy is perfoarst gjin lytse prestaasje. Yn 2018 makke Liuwe H. Westra (Tsjom 1966, klassikus, teolooch, literêr oersetter) bekend dat er fan doel wie om de biografy fan Tony Feitsma te skriuwen. Dêrmei begûn er yn 2019 en it is hast ûnfoarstelber dat er yn sa ’n koart skoft net allinnich al it nedige materiaal sammele en oardere, mar it ek op sa ’n ferhelderjende wize op papier sette, mei it nedige yllustraasjemateriaal.