Bart Kingma – Flarde (2026)
Yn 2010 ferskynde de debútroman Griene Simmer fan Bart Kingma. Ik neamde it boek doe “een interessant literair debuut [… ] dat naar meer smaakt”. It wie even wachtsjen op ‘mear’, hoewol’t Kingma wol inkelde Fryske jeugdromans skreau. Dêrûnder Sex to the Max, skreaun yn it ramt fan in lêsbefoarderingsprojekt, dat yn 2019 in bytsje opskuor feroarsake, om’t de (seksuele) ynhâld foar guon wat te heftich wie. Mar syn twadde Fryske roman foar folwoeksenen, Flarde, ferskynde no pas, yn de maitiid fan 2026.
Ik moast der wol even ynkomme en dat hie ferskate oarsaken. It kaft fan Flarde, sjocht der yntrigearjend út, krekt as de binnenkant dy’t opboud is út wite siden dy’t it ferhaal fan ‘De Doarmer’ fertelle, en grize siden dy’t ‘It Neat’ oan it wurd litte. ‘It neat’ sprekt de lêzer daliks yn it begjin ta yn ien lange sin fan hast trije siden sûnder ynterpunksje. Dat wie ynearsten wat te folle foar my, hoewol’t ik, efterôf, de dêr útsprutsen filosofyske ideeën oer it libben en de minske wol pleatse koe. Dizze grize siden komme yn totaal trije kear yn it boek foar, oan it begjin, yn it midden en oan ‘e ein.
It eigentlike ferhaal op de wite siden begjint by in kontrôle op de grins fan Frankryk nei Spanje. Haadpersoan Aede Ferwerda wurdt nei alle gedachten fanwege syn âlde auto troch de grinsplysje oanhâlden. Wylst de plysje syn papieren en koroanafaksinaasje kontrolearret en in plysjehûn de auto trochsiket op drugs en wapens, ûntdekke de plysjes achteryn in kûp mei goede Hollânske ierde. Aede moat yn behyplik Frânsk oan de plysjes útlizze wat er dwaan sil, mar fertelt net alles, sadat it ek foar de lêzer allegear wat riedseleftich bliuwt wat er wol.
Mar al gau wurdt dúdlik dat Aede, in man fan middelbere leeftiid, hûs en hear yn Fryslân ferlitten hat om syn djipgeande krisis te ûntflechtsjen. It libben thús is in púnheap. Hy is de tredde generaasje binnen it matich rinnende famyljebedriuw (“Ferwerda & zn. – Loonbedrijf, Mechanisatie en Grondverzet b.v, sinds 1968”). Hy moast syn heit opfolgje, hoewol’t er dêr net folle nocht oan hie. De relaasje mei syn yntusken sike heit hat nea goed west en syn soan Edo wol neat mear fan him witte. Syn houlik mei de bazige Gertrud – dy’t de lieding hat yn it bedriuw en mei wa’t er al jierren net mear sliept – is in drama. Om it bedriuw te rêden en syn ambysjes te bewizen, is Aede ûnderweis nei in húske fan in Spaanske freon yn Baskelân. Syn doel is it gearstallen fan de meast fruchtbere grûn fan ‘e wrâld troch Nederlânske ierde te fermingen mei Baskyske mineralen en syn eigen ûntlêsting. Tsja, dat klinkt dochs al wat nuver.
Boppedat reizget Aede nei Baskelân foar Sarat, in ‘ferneamde’ Frâns-Kanadese sjongeres dy’t sels yn it Frysk sjonge kin, om’t se yn har jeugd yn Fryslân wenne hat. Sarat is al jierren op harsels yn it Baskelân en treedt net mear op. Aede is noch altyd har manager én sy is yn wêzen syn grutte, ûnberikbere leafde dy’t konstant yn syn libben oanwêzich is – en dochs ek wer net. Mei in ambisjeus plan om kontakten te lizzen mei oare Baskyske artysten, tinkt Aede har in glorieuze comeback te besoargjen en sa syn frou en foaral syn soan sjen te litten ta hokker grutte dieden hy by steat is.
Bart Kingma wevet de foarskiednis fan Aede op soepele wize troch it ferhaal yn it no. De lêzer kriget moai dosearre ynsjoch yn Aedes libben: hoe’t er as tsienjierrige op in camping yn Baskelân de seis jier âldere Sarat moete, syn wrakselingen op de basisskoalle, en syn traumatyske jeugd. Op tolve jier krige Aede in swier ûngelok. Sels omskriuwt er dat letter sa: “[…] doe’t er fjochte foar syn libben – sa’t soks hjit, mar hij hie mear fjochte tsjin syn libben. It fuortfleanen fan eat út him wei dêr’t er net fan tsjutte koe wat it wie, fielde as hied er net in striid wûn mar ferlern. Sûnt hied er fantoompine. Hy hong doelleas om mei in stikkene siel.” De moannen dêrnei, as er krekt op de mavo sit, helpe ek net, want hy is in maklik slachtoffer foar hufterige pesters: “De jonges sochten him op. Foaral dy út de Wâlden. Dy koenen it oan immen rûke.”
De grutste spanning fan de roman sit him yn hoe’t Kingma in spul spilet mei de lêzer[1]. Dat kundiget Kingma yn wêzen al oan troch it motto fan de roman, fan Peter Matthiessen út The Snow Leopard: “Have you seen the snow leopard? / No! Isn’t that wonderful?” It boek fan Matthiessen giet oer twa persoanen dy’t de sniepanter yn de Himalaya sykje. De iene fan de twa sjocht it seldsume bist wol, de oare net. De kearn is dat it net-sjen fan de panter like weardefol is as it wol sjen. It giet om de oanwêzigens fan it ûnsichtbere en it learen akseptearjen fan it libben sa’t it him oantsjinnet. Sa’n boadskip hie Aede wol brûke kinnen, as er it al begripe soe.
Ynearsten liket Aede in dreamer mei in soad niget oan poëzy en muzyk, dy’t him ferdjippet yn de Baskyske histoarje en de ETA en wit wat er wol. Mar geandewei wurdt Aedes hâlden en dragen frjemder, hy komt hieltyd yn nuvere situaasjes telâne en rekket obsedearre troch syn eigen ûntlêsting. En foaral is er hieltyd faker yn it selskip fan Sarat, dy’t oeral opdûkt dêr’t Aede is. Stikje by bytsje ûntdekt de lêzer dat Aede gjin idealistyske romantikus is, mar mear in geastessike fantast dy’t it sicht op ‘e werklikheid ferliest … of nea hân hat.
Op in stuit lûkt Sarat syn motiven yn twivel en konfrontearret Aede mei de grins tusken langstme en realiteit: “Ferlangen moat ferlangen bliuwe, Aede. As dat in oar syn ferlangen net is, krigest dat noait dy syn werklikheid yn. Besikest dat toch, dan sil it fataal ôfrinne.” De lêzer wit dan wol genôch, al docht Kingma der dan noch in skepke boppe-op. Wylst de driging net te kearen is, wjerspegelje de gaoatyske lêste tweintich siden hoe’t de haadpersoan it paad kwytrekket. Dizze betiizjende slotfaze is faaks in bytsje tefolle, mar lit wol de tastân fan Aede dúdlik sjen.
Dat ik muoite hie mei it begjin fan it boek kin nammers ek goed komme meidat ik it boek te faak oan ‘e kant lei en net yn ien kear trochlies. Want ienkear yn it ferhaal waard ik wol grepen troch de nuveraardige streken fan de haadpersoan en de manier hoe’t de skriuwer dy optekene hat. Sa koe ik nei de lêste side sa klear as in klontsje konkludearje: Bart Kingma hat met Flarde in moaie, yntrigearjende roman skreaun, in weardige opfolger fan it ‘nijsgjirrige literêre debút’.
[1] Dat spul spilet Kingma sels bûten it boek fierder. Yn Noardewyn Live fan Omrop Fryslân hat Sarat mei band live optreden mei it nûmer Dream, dat in rol spilet yn it boek.

Bart Kingma – Griene Simmer (2010)
Griene simmer is het verrassende romandebuut van televisiemaker, vertaler en scenarioschrijver Bart Kingma (1970). Het boek draait om de verdwijning van twee personen. Luc Franken, tegen de dertig jaar oud, is vijf jaar geleden verdwenen en sindsdien lijkt niemand meer wat van hem gehoord te hebben. Het boek begint op de dag dat Thomas, de zaakwaarnemer van Luc, samen met Sebastian, de ex-zakenpartner van Luc, de spullen uit het appartement van Luc in Leeuwarden gaan halen om die ergens op te slaan. Ze hebben ook Frouck, een ex-vriendinnetje van Luc, uitgenodigd. Met Frouck begint en eindigt het verhaal dat twee dagen duurt: de dag van de ontruiming van het appartement in 2009 en de volgende dag, wanneer Frouck afgesproken heeft om Sebastian te spreken in Amsterdam. Sebastian heeft daarom gevraagd, want hij heeft Frouck een stapel uitgedraaide e-mails gegeven die Luc aan Sebastian geschreven heeft. Het zijn e-mails van 30 mei 2003 tot en met 20 mei 2004. Frouck leest die e-mails grotendeels tijdens de treinreis van Leeuwarden naar Utrecht en ’s avonds laat thuis en zo krijgt de lezer deze e-mails ook onder ogen. Frouck kan op deze manier commentaar geven op de rol die zij in het verhaal van Luc speelt en gaat zij Luc begrijpen en soms zich juist over hem verbazen, omdat hij in de e-mails naar Sebastian blijkbaar openhartiger is dan hij tegen haar geweest is.
Via de e-mails lezen we welke inbreng Luc heeft gehad in het reclamebedrijfje dat hij samen met Sebastian had, en dat Luc driekwart jaar in voorarrest gezeten heeft, dus hij is van iets ernstigs beschuldigd. Het Openbaar Ministerie ziet echter af van strafvervolging en na zijn vrijlating betrekt hij een appartement in een soort studentencomplex, waar op dat moment ook Frouck woont. Beetje bij beetje komen we erachter wat er allemaal toe geleid heeft dat Luc gearresteerd werd en hoe moeizaam hij daarmee om kon gaan na zijn vrijlating. De e-mails van Luc van vijf jaar terug heeft de auteur geraffineerd tussen het verhaal van Frouck in 2009 geplaatst. Wel een minpuntje is dat die e-mails soms niet helemaal geloofwaardig zijn. De openhartigheid en vooral de uitgebreidheid waarmee Luc sommige gebeurtenissen aan Sebastian schrijft, lijken niet altijd helemaal realistisch, al heeft Frouck daar blijkbaar geen last van, ook niet als het gaat om beschrijvingen van haar relatie met Luc.
In de laatste e-mail van Luc aan Sebastian lezen we de reden van zijn verdwijning. Hij gaat op zoek naar iemand die erg belangrijk voor hem geweest is, maar vertrokken is zonder een spoor achter te laten. Dat hij voor zijn zoektocht vijf jaar uit trekt, lijkt wat overdreven. Dat geldt ook voor het laatste hoofdstuk, waarin Frouck zich een voorstelling maakt van wat er met Luc gebeurd kan zijn. Dat is ook net even teveel. Maar de opbouw, de dosering van informatie, de strakke schrijfstijl, hoewel soms misschien iets te vlak, de karakterisering van de personages, de soms aardige diepgang aan ideeën overtuigen. Wat dat betreft heeft Kingma beslist een interessant literair debuut afgeleverd dat naar meer smaakt. Het boek verscheen ook in het Nederlands en als Fries e-book. (okt 2010)
